18
wo, sept
0 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
GERKESKLOOSTER - Op freed 19 oktober wie it feest op pjutte-opfang Dol-fijn yn Gerkeskleaster. De lokaasje fan organisaasje TIKO Kinderopvang wurket sûnt septimber 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Pedagogysk meiwurksters Anneke Kuipers en Ellen Helder hawwe harren ynsetten om it twatalich belied foarm te jaan en dêr it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar behelle. It wie in tige slagge feest. It feest begong mei in fleurige lawaai-optocht troch it doarp.


Alle bern wienen ferklaaid. De optocht kaam út by de pjutte-opfang, wêr’t it sertifikaat oan de muorre ûntbleate waard. Foar alle oanwêzigen wie der in hapke en in drankje wêrnei Riemkje Hoogland in foarstelling fersoarge mei har ferteljas oan.Alle bern wienen ferklaaid. De optocht kaam út by de pjutte-opfang, wêr’t it sertifikaat oan de muorre ûntbleate waard. Foar alle oanwêzigen wie der in hapke en in drankje wêrnei Riemkje Hoogland in foarstelling fersoarge mei har ferteljas oan.
 
Twatalichheid op Dol-fijn
Fan organisaasje TIKO Kinderopvang dogge ûnderwilens 17 pjutte-opfanglokaasjes mei oan it trajekt om sertifisearre te wurden foar it twatalich wurkjen. Op Dol-fijn sjocht dat der yn de praktyk as folget út: Anneke en Ellen prate beide konsekwint Frysk mei elkenien. Frijwillichster Marja praat Nederlânsk. De beide talen krije ek omtinken by it foarlêzen, it sjongen en by rollespultsjes. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op Dol-fijn west te sjen. De fisitaasjekommisje sjocht ûnder oaren nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘It tema is “Mmm lekker ite”, en dat is oeral te sjen yn it lokaal. De liedsters ha in supermerk makke yn in hoeke en dêr wurdt drok gebrûk fan makke. De bern boartsje der omraak en ha it drok mei it (fer)keapjen fan alles. Elk hat syn/har eigen rol en dit materiaal nûget út ta praten en oerlizzen mei elkoar. De supermerk-hoeke is in peareltsje foar it útlokken fan taal. Ek yn de húshoeke wurdt it tema útspiele: de bern keapje wat yn de supermerk en meitsje der lekker iten fan yn de húshoeke.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Dol-fijn begelieding fan SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.