17
do, jan
2 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
BURGUM - Snein 20 jannewaris om 14:30 oere fertelt Pier Boonstra hoe’t it krekt sit my de Pleats in it hart van Burgum. De Pleats yn Burgum wurdt ek wol oantsjut as Haisma’s Pleats. Hoe’t dat sit mei dy Haisma’s en wat foar ferbân der is mei de ferneamde Fryske skilder Willem Bartel van der Kooi wurdt yn it earste sneintemiddeis ferhaal fan jannewaris út de doeken dien. Wat wie bygelyks de relaasje fan Tsjalling mei Willem en hoe siet it eins mei Jetske? Is der in ferbân mei de nammejouwer fan de Tsjalling H.Haismastraat?


Wêrom stiet der in tinkstien foar Willem op it tsjerkhôf by de Krústsjerke en wannear is dy der kommen? Allegear fragen dêr’t yn in ûnderhâldend ferhaal in antwurd op komt.
Henk de Jong sil dernij om 15:30 ek in ferhaal hâlde en wol oer “De Brêgen fan Burgum”.
Nijsgjirrich? Snein 20 jannewaris nei Observeum –museum & sterrenwacht Burgum on de Menno van Coehoornweg 9.

Foto: NUT Burgum