22
vr, feb
5 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
EASTERMAR - Yn basisskoalle de Twirre wie freed de boekpresintaasje fan 'Broek mei bûsen'. Skriuwster Ineke van der Heide út Eastermar hat foar de gelegenheid in bysûndere broek oan, mei bûsen fansels. Yn ‘e bûsen sitte geheime skatten ferstoppe, dy’t ien foar ien foar’t ljocht komme. Margreet de Jong (Studio Teer) joech in taljochting wat de yllustraasjes in de trije kleuren oker, ljochtblau en swart oanbelanget. Yn gearwurking mei útjouwerij Hispel en Studio Teer hat it in projekt fan likernôch twa jier west. De earste oplage is 500 stiks. It foarlêsboek mei berneferskes kostet € 14 en is te keap/te bestellen by de boekhannel of fia de websjop van ‘e AFûK.