25
di, juni
2 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
SURHUISTERVEEN - In delegaasje fan de fraksje en it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is koartlyn op wurkbesite west by de MOA yn Surhústerfean. De FNP Achtkarspelen wol graach as fraksje en partij witte, wat der sa libbet yn de doarpen en de bedriuwen yn ús gemeente Achtkarspelen. Dêrom geane se regelmjittich as fraksje op wurkbesite troch de gemeente.


De FNP waar freonlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan de MOA de hear Sipko Postma, de operasjoneel manager de hear Johan Slaakweg en de projektmanager de hear Gjalt Gjaltema.

Ûnder it genot fan in bakje kofje plus cake fertelden de hearen enthousiast oer harren bedriuw. De namme MOA stiet foar Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen.

De MOA helpt en stipet minsken die oars muoite hawwe om in fêste baan te finen, minsken dy it muoilyk ha yn it libben of minsken die efkes ekstra stipe nedich hawwe yn de maatskippij. De minsken krije wurk by de MOA en ekstra help, stipe en/of oplieding.
De MOA sjocht altiid nei de talinten en mooglikheden fan har dielnimmers en net nei hun beheiningen.

It doel is dat de measte dielnimmers op in momint wer útstreame kinne fanút de MOA nei in normale betelle fêste baan yn de maatskippij.
De MOA is ûntstien yn it jier 2017. En we kinne sizze dat dit in "gouden greep" wie fan de gemeente, it is yn har koarte bestean al in suksesferhaal oan it wurden. Op dit stuit wurkje der sa’n 58 minsken by de MOA.

De MOA bestiet út in oantal ôfdielingen, werfân de de grienôfdieling it grutste is. Dizze ôfdieling docht in protte wurk foar de gemeente, se meane, skoffelje en ûnderhalde ûnder oaren it iepenbiere grien, perkjes, plantsoenen, sportfjilden en beamwallen.
Dêrneist hat de MOA in wurkpleats, se dogge demontaazje, ynpakwurk, produksje , stoffeerderij ensfh. Ek kinne dielnimmers by de MOA in job-coach krije of ekstra scholing ensfh. Dus de MOA hat in breed oanbod foar de minsken.

Nei dit petear hat de hear Sipko Postma tegearre mei de haad fan de grien-ôfdieling de hear Herman de Haan, de FNP delegaasje it bedriuw sjen litten. We koene oeral efkes sjen en dit wie tige nijsgjirrig.

Ek is de delegaasje noch in stikje troch de gemeente riden om op besite te gean by de wurkploegen die hurd oan it wurk wienen yn it grien (sjoch foto).
Nei noch in 2e bakje kofje en wat diskusje naam de delegaasje fan FNP Achtkarspelen ôfskie fan de MOA yn Surhústerfean. De FNP-ers betanken de direksje fan de MOA foar de gastfrije ûntfangst. It wie in moaie en learsume wurkbesite.