04
za, apr
7 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
KOOTSTERTILLE - Dit jubileum wolle se graach mei jo fiere . Op 31 jannewaris en 1 febrewaris spielje sy yn MFA Tillehûs yn Koatstertille een wiere klucht yn trije bedriuwen: JA IK WOL…..TINK IK
Patricia hat it dokterspraktyk kocht mei finansjele garânsje fan har âlders. Se sit yn in ferbouwing. Patricia is net troud en genietet folút fan it libben. Lucie, har assistente, besiket har yn it gareel te hâlden, mar nei in jûntsje stappen giet it hielendal mis. Patricia har heit wol har net mear finansjeel stypje, dus moat Patricia op syk nei in nije jildsjitter. Nettsjinsteande dat, draait de ferbouwing gewoan troch. Dan betinke Patricia en Lucie in plan om oan jild te kommen, mar of freondinne Janine hjir wol sa bliid mei is…?

Sneon pakke se wat grutter ut, mei fanselssprekkend it toanielstik, en live muzyk fan: Small Change, dy harren spoaren rûnom neilitten ha, sa binne se de fêste haadact op de P.C. yn Frentsjer om mar in foarbyld te neamen.
Koartom, 75 jier Nij Begjin Koatstertille is in jubileum dat men graach mei jo fiere wolle, dat wy soenen sizze meitsje tiid en kom nei de utfieringsjunen yn MFA Tillehûs, kaarten oan de seal te keapjen.

Foto: Nij Begjin
Advertentie